NFF 2023
It 43ste filmfestival wie wer in grut sukses. Eins allinne mar films sjoen dy't de muoite wurdich wiene. Ferrykjend, ûntroerend en jin der hielendal yn ferliezend! Hjirûnder myn list fan 13 films.
'Vogels kun je niet melken' wie de 14de film dy't ik sjoen haw, dy stiet (noch) net op de IMDB. Hopelik bart dat noch al! It wie in moaie doku-film oer in Fryske boerehúshâlding dy't mei sa'n hûndert kij besiket tagelyk ek noch skriezen in plakje te jaan op har lân. Alteast, de boer sels. Frou en bern sjogge it oars - se kinne it amper opdykje, de frou wurket ek noch yn it sikehûs - en as taskôger kinne je dat hielendal meifiele. Dat is de grutte fertsjinste fan dizze film, hy lit de dilemma's fan ekologysk ferantwurde buorkjen goed sjen sûnder sels in stânpunt te ferkundigjen.
It iennichste stânpunt dat de film ymplisyt befestiget is dat it Frysk in moai autentyk dialekt is foar thús, mar mear ek net. Alle mûnlinge kommunikaasje giet yn it Frysk, en dat is moai. As se dat net dien hiene, hie de film al syn autentisiteit ferlern. De man fan de RABO of de politika dy't op besite komme prate ek allegearre Frysk. Dat is ek moai.
Frysk op skrift lykwols lit de film jin net sjen. Net yn de titel, net yn de ôftiteling. Dat is wol in bytsje te begripen, de film is makke troch net-Frysktalige bûtensteanders. Mar skrinend fûn ik wol dat boer Boate op in seker stuit in grut spandoek op syn hiemshikke bynt mei yn fette letters WELKOM THUIS GRUTTO. Wie der no gjinien dy't tsjin him sizze koe dat er dat net dwaan moast? Kinne skriezen gjin Frysk lêze dan?

List activity
35 views
• 0 this weekCreate a new list
List your movie, TV & celebrity picks.
13 titles